SP warskôget foar 'Balkenbende'

© Omrop Fryslân
'De Bende fan Balkenende' moat sagau mooglik oanpakt wurde. Dat waard freed dúdlik op in SP-jûn yn Ljouwert. Twadde Keamerlid Agnes Kant wie dêrfoar spesjaal nei Ljouwert ôfreizge. Drok wie it net yn Theater Romein, mei in goed fyftich belangstellenden. Faaks binne de skoalfakânsjes de oarsaak.
De partij warskôget benammen foar de soach en it ûnderwiis. Dy komme oan 'e krapperein as de plannen fan it kabinet Balkenende 2 trochgean.