Stipe frege foar ambulânseposten

05 jul 2003 - 00:00

De provinsje wol ekstra jild fan it Ryk om ambulânses op tiid ride te litten. No is 94% fan alle sikeweinen binnen it kertier teplak. Benammen jûns en wykeins binne se langer ûnderweis, om't it personiel thús sit te wachtsjen. De reis nei it stânplak soarget foar grutte fertraging.

De provinsje wol no in kontinubemanning fan 'e posten. Uteinlik moat 97% fan 'e ambulânses yn in kertier tiid te plak wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)