Antonides tredde by 't fytsen

05 jul 2003 - 00:00

Richard Kooijman fan Winkel (Noard- Hollân) wûn freed op de 5e dei fan de hurdfytsseisdaachse fan it Noordenveld-Westerkwartier, it kritearium fan Mearum. Yn de sprint fan in 5-mans kopgroepke waard Henry van der Weerd fan Kampen twadde en Bert Antonides fan Hurdegaryp tredde.

It wie foar Antonides de earste kear dat er op it poadium stie. Sjoerd Douma fan Drachten waard fyfde. Sneon is de finale yn De Wylp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)