25.000 piken omkommen by brân

© Omrop Fryslân
De skrik sit der noch goed yn by pikemester Hessel Bouma fan Hoarnstersweach. In loads fan him mei 25.000 hinnen is tongersdei folslein útbaarnd. Tsjin fjouwer oere middeis sloech de wjerljocht yn en fleach de loads yn 'e brân.
De eigner warskôge fuortendaliks de brânwacht, mar der wie gjin hâlden mear oan. Omlizzende gebouwen binne bewarre bleaun. Bouma hat mei-inoar 160.000 hinnen foar de fleisyndustry.