Accell nimt Finske Tunturi oer

04 jul 2003 - 00:00

Fytsefabrikant Accell op It Hearrenfean nimt it Finske konsern Tunturi oer. Tunturi makket sawol tradisjonele fytsen as ek fitness-apparatuer. Neffens Accell is it op beide gebieten merklieder yn Finlân.

Dêrneist eksportearret Tunturi roeimasines en fytstrainers nei de Benelux, Ingelân, Dútslân en Amearika. By it bedriuw wurkje 180 minsken en de omset wie ferline jier 34 miljoen euro. Accell makket ûnder oare Batavus-fytsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)