Bekentenis oer sjitterij Weaze

© Omrop Fryslân
In 34-jierrige Ljouwerter hat de sjitpartij op de Weaze fan twa wike lyn bekend. Hy hat sketten mei itselde wapen dat in pear dagen earder op de Nijstêd brûkt waard by de earste sjitpartij. Dêrby rekken twa Sinezen ferwûne. Yn ferbân mei dit ynsidint binne tongersdei twa Antillianen fan 23 jier oanhâlden.
De moard yn 'e Jacob Binckesstrjitte bliuwt noch ûnoplost. Fjirtich man hâlde har mei de sjitpartijen dwaande.