Kommisjestikken Snits online

© Omrop Fryslân
Op de website fan de gemeente Snits, www.sneek.nl, binne fan dizze moanne ôf de gemeenterieds- en kommisjestikken fia in riedsynformaasje-systeem, RIS, te besjen. Besikers kinne op de thússide in button oanklikke, wêrmei't se tagong krije ta it RIS.
Fia it RIS binne riedsaginda's, riedsstikken en kommisje-aginda's fan 1 jannewaris 2003 ôf te besjen. Mei in aparte sykfunksje kin socht wurde op trefwurd, datum, bestânsnamme of -type.