'Breekijzer' opnij út de loft

03 jul 2003 - 00:00

De geheime stjoerder 'Breekijzer' is woansdei opnij út de loft helle troch de radio-kontrôletsjinst. Der wurdt útstjoerd fanút de Beekkerkstrjitte yn Ljouwert. De plysje ferliende assistinsje.

De stjoerder is fan in 22-jierrige man. Op it stuit dat de plysje binnenkaam wie hy dwaande mei de útstjoering. De apparatuer is yn beslach nommen en de Ljouwerter hat op it plysjeburo proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)