Dominikaan is 'medysk wûnder'

© Omrop Fryslân
De Dominikaan dy't ferline wike yn Ljouwert delsketten waard, is ynienen bûten libbensgefaar. Neffens justysje is der sprate fan in 'medysk wûnder'. As de man fierder opknapt is, kin justysje him ek hearre.
De man waard delsketten yn syn wente yn de Jacob Binckesstrjitte. In 19-jierrige Antilliaan rekke dea by de sjitterij. Fjirtich resjerzjeurs wurkje oan dizze saak en oan 't sjitterij op 'e Nijstêd en dy op 'e Weaze.