Keunstwurk Bosk Ypey fernield

03 jul 2003 - 00:00

Yn 'e Bosk fan Ypey by Tytsjerk is in keunstwurk fernield. It giet om de swier stielen wynpendule fan Bernard Frank. De ynstallaasje is ûnderdiel fan 'e útstalling 'Art in motion' dy't okkerdeis iepene is. Frijwilligers ûntdusten de fernieling. Underwilens is de plysje ynskeakele.

Foar de iepening fan 'e tentoanstelling waard it keunstwurk ek al fernield. De organisaasje wol graach dat de wynpendule wer makke wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)