Senioaren nei EK skeelerjen

03 jul 2003 - 00:00

Jan van Loon fan De Haule, Willem Hut fan Haulerwyk en Jan Ronald Wigarda fan It Hearrenfean gean nei it EK skeelerjen foar senioaren. It kampioenskip is fan 27 july oant en mei 4 augustus yn Padua, yn Italië. By de froulju komt de Fryske ynbring fan Nienke Stenekes fan Damwâld en Janneke Hut fan Haulerwyk. De folsleine Nederlânske ploech bestiet út tsien manlju en seis froulju.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)