Definsje moat fan Flyhors ôf

© Omrop Fryslân
Definsje mei net mear oefenje op 'e Flyhors op Flylân. De Rie fan Steat hat de miljeufergunnings foar militêre oefenings ferneatige. De fleantugen en oar materieel meitsje tefolle leven en dat is skealik foar de natoer. Boppedat fersmoarget de munysje it seewetter.
De saak is oanspand troch de waadferiening dy't de militêre oefenings op Flylân keare wol. De feriening sprekt fan in grutte oerwinning.