Sirkusfoarstelling mei 150 bern

02 jul 2003 - 00:00

Ljouwert hat tongersdei de premjêre fan Cirque Nouveau, in sirkus dat inkeld út bern bestiet. De goed 150 bern komme út Skandinaavje, België en Nederlân. Se bringe de foarstelling Ithaka. It inisjatyf foar de gearwurking komt út Noarwegen en wurdt foar in grut part betelle út Europeeske subsydzjes.

Anna Keijsers fan de sirkusskoalle yn Ljouwert hat ien fan de haadrollen. Nei de foarstelling yn Ljouwert reizget it selskip nei Zundert en Brussel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)