Kofjeklub komt yn De Waag

© Omrop Fryslân
Der komt in kofjeklub yn De Waag yn Ljouwert. De gemeente hat lang om let in hoareka-eksploitant fûn foar it monumintale gebou op de Nijstêd. Takom jier iepenet de Melitta Coffee Club har doarren. Alle fergunningen binne oanfrege.
By de kofjeklub kinne minsken kofje en gebak krije mar ek lunsje. De gemeente neamt de nije eksploitant in oanwinst foar de stêd. De klub hat festigingen yn Veendam, Drachten en Assen.