Swimbad Kealledykje ticht

© Omrop Fryslân
Swimbad it Kealledykje yn Ljouwert giet 1 novimber definityf ticht. It bad dat begjin jierren santich boud waard, is yn sa'n minne steat dat it net ferantwurde is om it noch in winter iepen te hâlden.
In nij swimbad kin pas yn 2007 klear wêze. De gemeente ûndersiket no mooglikheden om yn de tuskentiid dochs noch foarsjennings foar de swimmers te hawwen. De aksjegroep Zwembad Kalverdijkje is poerlilk oer it beslút.