Leden NLTO stimme foar fúzje

© Omrop Fryslân
De algemiene lederied fan de NLTO hat tiisdei yn grutte mearderheid ynstimd mei in fúzje mei de GLTO en de WLTO. Dat betsjut dat der ien grutte lân- en túnbou-organisaasje komt, dy't wurket foar de noardlike provinsjes, Noard- en Súd-Hollân, Gelderlân en Oerisel.
In lyts diel fan de oanwêzigen wie tsjin. Sy woene direkt nei ien lanlike organisaasje. De fúzje moat in bettere belangebehertiging foar de lânbou opsmite en kosten besparje.