Korporaasje mei huzen ferkeapje

01 jul 2003 - 00:00

Minister Dekker fan VROM sjocht gjin oanlieding om op te treden tsjin Korporaasjeholding Fryslân. Dy wol mear as 20.000 wenten ferkeapje. Dat is mear as trijekwart fan syn totale huzebesit. De Twadde-Keamerfraksje fan de SP hie frege om dêr in stokje foar te striken.

De SP fynt it yn tiden fan wenningneed net ferantwurde om sa folle hierhuzen te ferkeapjen. De minister tinkt lykwols dat ek minsken mei legere ynkommens sa'n hierhûs keapje kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)