Yllegale hannel yn skiep

01 jul 2003 - 00:00

In feehanneler yn Fryslân wurdt fertocht fan yllegale hannel yn skiep. De Algemiene Ynspeksjetsjinst, de AID, hat tissdei in ynfal by him dien en de administraasje fan de hanneler yn beslach nommen.

In selde aksje fierde de AID tiisdei út by twa skieppehannelers yn Noard-Hollân en yn de midden fan it lân. Justysje nimt de saak heech op, sjoen it grutte risiko op fersprieding fan feesykten troch yllegale hannel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)