Ferkeap sinnepanelen rint gefaar

01 jul 2003 - 00:00

It is aanst dien mei it sukses fan sinne-enerzjy yn Fryslân. Dat seit it bedriuw De Energie-adviseurs út Ljouwert. It bedriuw is ien fan de grutste leveransiers fan sinnepanelen oan partikulieren. It kabinet wol de subsydzje op de oankeap fan sinnepanelen ôfskaffe.

Troch dy subsydzje rint it tige goed mei de ferkeap fan sinnepanelen. Dy is yn Fryslân omheech sketten. GrienLinks en de SP fersette har tsjin de plannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)