Ljouwert wol fergees drugs jaan

01 jul 2003 - 00:00

Ljouwert hat it ryk tastimming frege foar it regulier útdielen fan drugs. Dat hâldt yn dat de gemeente oan in bepaalde groep junks fergees drugs, lykas heroïne, jout.

Boargemaster De Boer seit dat it tal ferslaafden dat al jierren in drugsprobleem hat, yn Ljouwert sa grut is, dat dat regulier útdielen nedich is. De regearing stimt net samar ta. Yn Nederlân komme dit jier mar sân plakken yn oanmerking foar sa'n aksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)