Skaker Werle werom yn Fryslân

01 jul 2003 - 00:00

Jan Werle hat him weromlûke moatten fan it wrâldkampioenskip skaken oant 20 jier dat op it stuit hâlden wurdt yn Azerbeidzjan. De Beetstersweachster hie te folle lêst fan in fergiftiging dy't er oprûn hat fan bedoarn iten. Werle hat sels opnommen west yn it sikehûs.

Doe't Werle siik waard, wie it toernoai krekt oer de helte. Hy stie sânde mei 4,5 punt út sân wedstriden. It toernoai telt yn totaal 13 rondes. Werle kaam moandeitejûn teloarsteld thús.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)