Diel personiel ODL krijt dien

01 jul 2003 - 00:00

It assemblaazjebedriuw ODL yn Ljouwert jout 29 meiwurkers fan de 63 dien. It bedriuw makket ûnder oare ûnderdielen foar medyske apparatuer. Earder wie it bedriuw in ûnderdiel fan Delft Instruments.

ODL sit troch de ekonomyske krisis yn swier waar en moat in part fan de produksje oerbringe nei oare bedriuwen. Dêrom krije de meiwurkers dien. It beslút is yn oerlis mei de fakbûnen nommen. Der is in sosjaal plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)