Wer stoflik omskot út wrak

© Omrop Fryslân
Dûkers hawwe moandei wer in stoflik omskot út it wrak fan de Victory helle. Dat skip fergie yn novimber 2001 foar de kust fan Den Helder. Oan board wiene fjouwer minsken, ûnder har de âld- Ljouwerter Sjak Smits.
It wrak waard begjin dit jier fûn. Ferline wike waard al in stoflik omskot út it wrak helle. It is noch ûnbekend wa't dat it is. In tredde slachtoffer spielde ein 2001 al oan. Nei it lêste bemanningslid wurdt noch socht.