Wer skeel Amelanner asylsikers

© Omrop Fryslân
Der komt mooglik op 'e nij in rjochter oan te pas om de Amelanner asylsikers langer op it eilân te hâlden. Dy hearre binnen twa wiken nei hokker azc se oerpleatst wurde.
It pleatslik steunkomitee fynt dat te let en tsjin de ôfspraken yn. Boppedat is it komitee benaud dat de asylsikers nei in azc moatte dat letter ek ticht giet. Neffens har is it better dat de asylsikers oant septimber op it eilân wachtsje op in permaninte bestimming.