Bewâldfierder Bergum Staalbouw

30 jun 2003 - 00:00

Advokaat De Wilde út Drachten is moandei beneamd as bewâldfierder foar Bergum Staalbouw yn Sumar. Hy sil fral sjen oft in trochstart mooglik is. It bedriuw hat útstel fan betelling by de rjochtbank oanfrege.

Troch in strop by in grutte opdracht rekke it bedriuw yn swier waar. Der wurkje 80 minsken. In oprop fan de direkteur oan krediteuren om akkoart te gean mei de helte fan de iepensteande rekkens, hat gjin fertuten dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)