Boek Van Maaren rint aardich

30 jun 2003 - 00:00

It boek 'Hoezo, burgemeester' fan âld-boargemaster Loekie van Maaren is yn Ljouwert sa'n 800 kear oer de toanbank gien. Dat binne de optelde sifers fan de twa grutste boekhannels yn de stêd, Van der Velde en De Tille.

De boekhannels binne reedlik tefreden oer de ferkeap, dy't yntusken wol stadich giet. De hype is dúdlik oer. It boek bliuwt wol op foarrie. De skiednis fan de boargemaster dy't fuort moast, is dêrfoar wichtich genôch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)