Legere straf foar besmette man

© Omrop Fryslân
In mei hiv besmette man út Ljouwert is troch it Gerjochtshôf yn Arnhem feroardiele ta in selstraf fan twa jier en trije moanne. Neffens it Hôf stiet it hawwen fan ûnbeskerme seks (wylst bekend is dat der sprake is fan in hiv- besmetting) gelyk oan besykjen ta swiere mishanneling.
De man wist dat er besmet wie en hie dochs seks mei minderjierrige jonges. Earder waard de man ta fiif jier sel feroardiele foar besykjen ta deaslach.