Unfrede oer Drachtster wyk

30 jun 2003 - 00:00

Bewenners fan de Drachtster wyk Noard-East fiele har net feilich. Fandalisme, brânstifting en bedrigings binne neffens har gjin útsûndering. Sy neame de wyk 'in broeinêst fan ûngedierte' en wolle graach mear foarsjennings foar jongeren.

De gemeente mient dat it mei de problemen wol tafalt. Ut ûndersyk soe bliken dwaan dat Noard-East gjin probleemwyk is. Takom jier sil de gemeente de wyk renovearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)