Twa kânsen Hearrenfean

30 jun 2003 - 00:00

De tsjinstanner fan Hearrenfean yn de Intertoto-kompetysje wurdt Slobodo Tuzla of Lierse SK. De twa clubs komme inoar tsjin yn de twadde ronde fan de Intertoto. De winner moat tsjin Hearrenfean. De earste wedstriid is op 19 july yn it Abe Lenstrastadion.

Yn Langsweagen is Hearrenfean moandei út ein set mei de tarieding op it nije seizoen. In tal Skandinavyske spilers komt fanwege ynternasjonale wedstriden wat letter by de seleksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)