Nije loads folslein útbrând

30 jun 2003 - 00:00

By in fûle brân op in bedriuw oan de Ludingawei tusken Harns en Achlum is in loads folslein ferlern gien. Nei alle gedachten is de brân ûntstien doe't de soan fan de famylje in trekker oan it skjinspuitsjen wie mei in hegedrukspuit. Dêrby fleach de trekker yn de brân.

In frachtwein koe noch krekt op 'e tiid fuorthelle wurde, mar dêrnei grypte it fjoer al gau om him hinne yn it dêr opsleine strie. De loads wie krekt nij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)