Gemeenten ûnbekend mei mediation

© Omrop Fryslân
Gemeenten kinne jild besparje as se konflikten net troch in advokaat, mar troch in mediator útfjochtsje litte. Ut in ôfstudearûndersyk fan twa NHL- studinten docht lykwols bliken dat gemeenten ûnbekend binne mei mediation.
It ûndersyk is útfierd yn 'e trije noardlike provinsjes. Yn Fryslân binne seis gemeenten befrege, wêrunder Ljouwert en Hearrenfean. Der komt no in proef wêryn't gemeenten klachten en konflikten melde kinne by in mediator.