Nije 18-holes golfbaan Ljouwert

29 jun 2003 - 00:00

Golfclub De Groene Ster yn Ljouwert hat sûnt koart de beskikking oer in 18- holes-golfbaan. Der binne ferskate oefenfassiliteiten lykas in pitch- en puttinggreen en in 5-holes-oefenbaan.

De oanlis fan 'e nije baan is sûnt maaie klear, mar de baan wurdt pas op 20 septimber offisjeel iepene. In dei letter, op de 21e, wurdt dêr it FK golfen hâlden. Fryslân hat noch twa oare 18-holes golfbanen, te witten yn Beetstersweach en St. Nyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)