Hearrenfean 'skoart' mei rioel

29 jun 2003 - 00:00

It Hearrenfean hat it rioel better op oarder as in soad oare gemeenten yn Nederlân. Dat docht bliken út in ûndersyk ûnder 39 gemeenten. It Fean regearret flot op klachten fan boargers, krijt minder klachten as yn trochsneed en hat legere rioellesten.

Minpuntsje is dat de gemeente noch wol ekstra berchbesinkbassins oanlizze moat. Dy moatte tefoaren komme dat it rioel oerrint as der in soad reinwetter falt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)