Ferkearsstremming yn Ljouwert

29 jun 2003 - 00:00

Ferkear yn 'e binnenstêd fan Ljouwert moat tiisdeitejûn rekken hâlde mei in stremming. Op 'e krusing Nieuweweg- Weaze, by Ynstitút De Vries, wurdt in suveringsynstallaasje pleatst. Dat sil barre op 'e ferlege kaaimuorre dy't parallel rint oan 'e Nieuweweg.

It wurk stiet pland fan jûns sân oere oant de oare moarns tsien oere. It ferkear wurdt mei help fan buorden omlaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)