Berkenpas wint yn Holwert
De haadklasse-keatspartij yn Holwert is sneon wûn troch it partuer Klaas Berkenpas, Jan Willem van Beem en Auke van de Graaf. Yn in spannende finale kaam alles oan de hang. Op de stân fan 5 om 'e 5 en 6 gelyk miste Simon Minnesma it perk.
Simon Minnesma en syn maten Dirk Jan van der Woud en Teake Triemstra gongen mei de preemje nei hûs. Kening waard Klaas Berkenpas.