Ybema nei soarchsektor

29 jun 2003 - 00:00

Ald-steatsiktaris Gerrit Ybema fan D66 wurdt foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch fan Soarchgroep Noorderbreedte. De sittende foarsitter is nei tsien jier net beskikber foar in nije termyn.

De tafersjochried moat it belied fan it bestjoer yn de gaten hâlde. Njonken Gerrit Ybema binne der noch seis oare leden. By Noorderbreedte hearre de beide MCL-sikehuzen yn Ljouwert, mar ek alve soarchsintra yn 'e provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)