Swyntsjetik yn Lúnbert

© Omrop Fryslân
It spektakel 'swyntsjetik' waard sneon foar de tredde kear hâlden yn Lúnbert. By it swyntsjetik is it de bedoeling om mei in blyndoek om te besykjen in baarch te tikjen. Dêr hat de ôfrûne tiid nochal wat om te dwaan west.
De bistebeskerming woe it sels ferbiede litte, mar dat is net slagge. Der komme hieltyd minder besikers op ôf en dêr is de bistebeskerming wol bliid om. De organisators fan it swyntsjetik sizze goed mei de bisten om te gean.