Claim provinsje by boubedriuwen

28 jun 2003 - 00:00

De provinsje Fryslân hat in claim yntsjinne by de Ried fan arbitraazje foar de boubedriuwen yn Nederlân. 28 bouprojekten fan de provinsje komme foar yn de saneamde skaadboekhâlding fan boubedriuw Koop Tjuchem.

Mei inoar soe de provinsje foar dy ferskate projekten hast 114.000 euro te folle betelle ha. Dat antwurdet it kolleezje fan Deputearre Steaten op fragen fan de SP. Neffens it kolleezje is der noch ekstra ûndersyk nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)