Oplichter oanholden yn Dokkum

28 jun 2003 - 00:00

De plysje hat in 30-jierrige garaazjehâlder út Dokkum oanholden dy't fertocht wurdt fan oplichting. De man liende by partikulieren jild om auto's te keapjen. Hy joech dêrby auto's of kentekenpapieren as ûnderpân.

Ien auto waard meardere kearen yn ûnderpân jûn. It jild waard lykwols net werombetelle. Der ha yntusken 19 dupearren oanjefte dien. Yn totaal hat de man op dizze wize 600.000 euro binnenhelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)