Mooglik selde wapen by sjitterij

28 jun 2003 - 00:00

By de trije sjitpartijen fan de lêste oardel wike yn Ljouwert is mooglik itselde wapen brûkt. Dat seit parse- offisier Brouwer. Yn Rijswijk wurdt dit wykein ûndersyk dien nei it wapen.

Trije manlju dy't earder dizze wike yn ferbân mei de sjitpartijen oppakt wiene, binne foarearst wer frijlitten. Trije oare fertochten sitte noch fêst. Neffens it Iepenbier Ministearje kenne de fertochten elkoar allegear út de Antiljaanske mienskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)