Wer remise foar Sipke Ernst

27 jun 2003 - 00:00

Sipke Ernst spile freed yn syn twadde NK-partij yn Ljouwert op 'e nij remise. Yn syn partij tsjin Erwin l'Ami hie Ernst wol it inisjatyf, mar dat wie te min om ta winst te kommen. Yn tiidneed stelde Ernst remise foar, dat l'Ami graach oannaam.

Nei twa partijen giet de 16-jierrige Daniël Stellwagen út Soest ferrassend oan de lieding. Hy fersloech oertsjûgjend Ruud Janssen en stiet no mei 2 punten út twa partijen oan kop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)