Geskinken foar Frysk Museum

© Omrop Fryslân
It Frysk Museum yn Ljouwert krijt in sulveren kraantsjekan út de 19e ieu en in trekpotsje mei pantsje út 1850 fan Douwe Egberts. Beide objekten hawwe earder te sjen west by de útstalling oer Laurens Alma Tadema.
Ek it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits en Museum Joure krije geskinken fan DE. Dat bart yn it ramt fan it 250-jierrich bestean fan it bedriuw. Der giet in inkstel nei it Skipfeartmuseum. Museum Joure krijt in spesjale kolleksje.