Gjin jild foar spoar nei Harns

© Omrop Fryslân
De spoarline tusken Ljouwert en Harns liket syn langste tiid hân te hawwen. It Ryk jout gjin subsydzje foar in spoartunnel by Frjentsjer. De provinsje hie 4,5 miljoen euro frege.
No moatte provinsje en de gemeente Frjentsjeradiel de 9 miljoen foar de tunnel sels betelje. Dat jild is der net. De provinsje moat ek al 60 miljoen euro útlûke foar de ferfanging fan spoaroergongen. Dy meie net mear op deselde hichte as it spoar.