Koatstertille wurdt fernijd

27 jun 2003 - 00:00

Achtkarspelen ynvestearret foar goed 550.000 euro yn de doarpsfernijing fan Koatstertille. Achtkarspelen hat it bedrach krigen fan de provinsje yn it ramt fan in stedsfernijingsprojekt.

Mei it jild wurdt de Tillebuorren yn Koatstertille opnij ynrjochte en in wenkompleks foar âlderein boud. Ek moat it winkelsintrum opwurdearre wurde mei nije winkels en apparteminten. Yn 2005 moat de fernijing klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)