Gjin nij museum op Amelân

27 jun 2003 - 00:00

Op it Kaapsdún op It Amelân komt gjin natuermuseum. It Natuermuseum Amelân en de stichting Amelander Musea sjogge ôf fan de plannen foar in nij natuermuseum. Doel wie dat op it Kaapsdún oan de Strânwei yn Nes in nij museum komme soe.

Tsjin de plannen wie in soad wjerstân om't it dún ûnder de fûgelrjochtline en de floara- en faunawet falt. Der waard sels in aksjekomitee oprjochte ta behâld fan it Kaapsdún.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)