Sosjaal plan Corporatieholding

27 jun 2003 - 00:00

Foar de meiwurkers fan de wenningboukorporaasje Corporatieholding Friesland dy't troffen wurde troch de reorganisaasje fan it bedriuw, leit in sosjaal plan. Fakbûnen FNV, CNV en it bestjoer fan de korporaasjeholding hawwe dêroer in akkoart berikt.

In kollektyf ûntslach is hjirmei foarkaam. 150 meiwurkers ha in nij plak fûn. De reorganisaasje hâldt ûnder mear yn dat der ien callcenter komt foar service- en reparaasjetsjinsten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)