Fertochte sjitpartijen oanholden

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdeitenacht yn Ljouwert in man (22) fan Antiliaanske komôf oanholden. Hy wurdt yn ferbân brocht mei de sjitpartijen op de Nijstêd en de Weaze, ferline wike.
De plysje ûndersiket oft de man ek belutsen is by de sjitpartij tongersdei yn Ljouwert. Dêrby waard in Antilliaan (19) deasketten. In Dominikaan (22) rekke swierferwûne. It resjerzjeteam dat de sjitpartijen ûndersiket, is útwreide fan 25 nei 40 minsken.