Risiko's heechspanningskabels

© Omrop Fryslân
Nije bestimmingsplannen moatte tenei hifke wurde oan de risiko's fan magnetyske fjilden by heechspanningskabels. Dat wol de steatefraksje fan de FNP. Troch dy magnetyske fjilden soe de kâns op kanker en leukemy tanimme.
De FNP trunet derop oan dat de provinsje gjin nije wenwiken realisearret binnen risikogebieten. Ek soene foar besteande risikosituaasjes maatregels nommen wurde moatte.