MKB-Noard pleitet foar ADSL

© Omrop Fryslân
MKB-Noard wol dat der sa gau mooglik in folslein ADSL-netwurk oanlein wurdt yn Fryslân. De ûndernimmersferiening slút him dêrmei oan by de Noard-Nederlânske Ontwikkelings Maatskippij, dy't al in plan ûntwikkele hat foar in flugge ynternetferbining yn it hiele noarden.
Neffens MKB-Noard kin der better 13 miljoen euro oan ADSL útjûn wurde dan 1,3 miljard oan in glêsfezelnet. ADSL is flugger oanlein en yn de hiele provinsje beskikber.