Mooglik gjin boarring Tsjûkemar

© Omrop Fryslân
De gemeente Skarsterlân sil sjen oft der mooglikheden binne om ôf te sjen fan de proefboarring fan TotalFinaElf by de Tsjûkemar. Nei alle wjerstân fan de minsken fine sawol ried as kolleezje dat it better wêze soe om ôf te sjen fan de proefboarring.
Dat kin lykwols net samar. Der moat in wetlike grûn fûn wurde wêrop de fergunning foar de boarring wegere wurde kin. De ried hat woansdeitejûn foarsteld om ekstern advys yn te winnen.